Hoe sit it no krekt mei dy kontroversjele sânwinning yn de Iselmar?

28 nov 2018 - 09:45

Nei jierren fan plannen meitsjen soe de sprekwurdlike kûgel woansdei lang om let troch de gemeenteried fan De Fryske Marren. It giet dan oer de plannen foar it winnen fan sân út de Iselmar. Mar it beslút liket no útsteld te wurden. Koälysjepartijen CDA, FNP en VVD fine it net ferstannich dat de gemeenteried in beslút nimt as yn de Twadde Keamer noch fragen oer de sânwinning binne. It bedriuw Smals út Limboarch wol de kommende tritich jier op sa'n sân kilometer út de kust by Aldemardum oan de slach en hat derfoar in fergunning oanfrege. Mar hoe sit it no eins mei dizze sânwinning? Wa is foar, wa is tsjin, en hoe lang spilet it al?

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It ûnderwerp fan de sânwinning spilet al jierren yn de regio Súdwest-Fryslân, mar benammen de ôfrûne wiken nimt it ferset tsjin de plannen fan Smals ta. Natuerorganisaasjes, rekreaasjeûndernimmers, fiskers en omwenners hawwe harren feriene yn hieltyd lûder wurdend protest. Sa hawwe al goed sântûzen minsken in online-petysje tsjin de plannen ûndertekene.

Goed hûndert tsjinstanners reizgje woansdei mei trije bussen nei it gemeentehûs ôf om harren stim tsjin de plannen hearre te litten.

Boukje Miedema besjocht de kaart fan de sanwinning - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Toeristen wolle gjin yndustrygebiet

It grutste beswier dat de tsjinstanners tsjin de sânwinning hawwe, giet oer de mooglike effekten op de natuer. Neffens harren is der net genôch bewiis levere dat de winning gjin skea dwaan kin oan de natoer. Ek is der noed oer it effekt dat de aktiviteiten fan Smals hawwe sil op it toerisme. Neffens guon rekreaasjeûndernimmers wurdt de Iselmar foar in part yndustrygebiet troch de komst fan de sânwinning. En dat skrikt toeristen ôf.

Konstante brom

Foar de omwenners spylje noch twa oare arguminten in rol. Sa binne se benaud foar lûdsoerlêst. Der soe neffens harren in konstante brom te hearren wêze as Smals ien kear los is. Dêrneist giet harren útsjoch deroan. Yn stee fan op it wetter fan de Iselmar sille se tenei útsjen op in grut wurkeilân mei in 22 meter hege toer.

It sânwinningseilân sa't it der neffens Royal Smals útsjen sil - Foto: Byld: promofilm Royal Smals

Smals fernuvere oer lette reaksje

In wurdfierder fan Smals lit witte begryp te hawwen foar de beswieren fan de omwenners, mar wol fernuvere te wêzen oer it feit dat se no pas yn it gewear komme. De plannen binne al jierren bekend. Oant begjin dit jier wie der eins gjinien dy't mei beswieren kommen wie. It bedriuw hat sels tasein alle jierren 100.000 euro nei de gemeente oer te meitsjen.

De ôfrûne wiken is de krityk lykwols tanaam. Bewenners hawwe harren feriene en in grut tal organisaasjes hawwe witte litten op de plannen tsjin te wêzen. Ek de provinsjale polityk lit no fan him hearre. Sa hat de steatefraksje fan de FNP witte litten op de plannen tsjin te wêzen. De gemeentlike fraksje fan dyselde partij makket pas op de riedsgearkomste fan woansdei bekend hoe't se stimme sille.

Yn de Twadde Keamer hat ûnder oare D66 Keamerfragen steld. Dy partij wol fan de minister witte oft der wol goed nei alle beswieren sjoen is.

Utstel

It beslút oer de sânwinning sil woansdeitejûn noch net naam wurde. It wie de bedoeling dat de gemeenteried him útsprekke soe oer de wiziging fan it bestimmingsplan, dit soe de sânwinning mooglik meitsje. It wachtsjen is no lykwols op in brief fan minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Hjiryn stiet oanfoljende ynformaasje oer de sânwinning. Foar dy tiid wolle CDA, FNP en VVD it ûnderwerp fan de sânwinning net behannelje yn de gemeenteried. Wurdt ferfolge dus...

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Trefwurden: 
Iselmar sânwinning
(advertinsje)
(advertinsje)