Stienwiker smyt Boeddhabyld troch rút

08 nov 2011 - 10:51

De plysje hat moandei op It Hearrenfean oant twa kear ta in man út Stienwyk (28) oppakt, omdat er aggressyf wie. Moarns woe er it kasino oan de Dimpte Molewk yn, mar dat wie him ferbean, omdat er earder al foar oerlêst soarge. De man waard sa lulk dat er in Boeddhabyld fan in sokkel pakte en troch in rút smiet.

Dêrnei gie er fuort, mar efkes letter wie er der wer en smiet de sokkel doe ek troch it rút. De plysje naam de man mei en stjoerde him mei in proses-ferbaal fuort. De middeis waard er wer oppakt, omdat er op de Dimpte Molewyk achter in man oansiet en dy in stien nei de holle smiet. De plysje hat de Stienwiker doe wer meinaam nei it buro.

(advertinsje)
(advertinsje)