Kollum: "Gesellich"

28 nov 2018 - 08:08

"Sneintemiddei tsjin healwei trijen, Teäter Snits. 600 minsken ferkringe inoar yn de hal. Skowe stadich mar fleurich de seal yn. Myn hân wurdt suver fan it liif skuord, ik krij tuten en slaggen op it skouder. Want ik ken sawat de helte fan it oanwêzige folk. Allegearre famylje, freonen, kunde en bekende koppen. Gesellich.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Yn de seal in optreden fan in Ierske muzykgroep: The Kilkennys. Al in jier as seis komme se yn Snits, want dêr stiet in Irish Pub. Fjouwer man spylje fleurige, romantyske en tryste muzyk. Prachtich. It folk stiet oan de ein trije nûmers lang klappend, sjongend en dûnsjend oerein. Nei de tiid noch in hossebosje yn de hal. En je kinne the Kilkennys dêr ek noch efkes op it skouder slaan. Wat hawwe je dan in moaie sneintemiddei.

Myn tinzen sakje efkes nei Ljouwert. Dêr wurdt op itselde stuit ôfskied naam fan it kulturele jier. Ja, kulturele jierren duorje no ienris wat koarter as gewoane jierren. Se namen ôfskied fan wat de Fryske mienskip Europa biede koe oan kulturele ynhâld. En jeuzelen oer hoe't it no fierder moat mei de Fryske kultuer, krekt as moatte wy tenei allegearre nije saken dwaan. Ach, Freark Smink treedt sneontejûn op yn Bûtenpost mei Sânman en Sikke. En Jan Arendz en Joke Tjalsma spylje yn maart alwer dat it simmer is, it stik is skreaun troch Bouke Oldenhof en Jos Thie hat de regy. Alles wer hiel gewoan, âlde lju yn nije jaskes.

Mar sa lang as wy op in sneintemiddei 23 euro betelje mei syn 600-en en dan in gesellige en kulturele middei hawwe mei Kilkennys, is der neat oan de hân en hoege de oerheden har inkeld mar drok te meitsjen oer it ferankerjen fan de besteande kultuer mei wat romte foar in snufke nije saken. Ornaris betinke de kreätive lju yn Fryslân dy sels wol. No ja, dat hat Roel Oostra juster al útlein.

Eeh, Kilkenny's. Ik sjoch om my hinne. Deun by my sit in CDA-wethâlder út in oare gemeente. Sterker, der sitte allegearre ferskate leauwers yn de seal en dy klappe like hurd mei yn de lieten wêryn't de wisky hast fan de ynstruminten ôfdript. Ik gniis wat yn my sels. Kin no begripe dat de CDA-ers yn Súdwest-Fryslân sneins fergees parkearjen hânhavenje wolle. In sjoernalist hie der by set dat soks foar tsjerkefolk wie, mar it bliek no ek dat it om teäter giet.

It wiene parkeardiskusjes om ek troch de wike wat mear fergees parkearjen yn te fieren yn gruttere plakken. Nedich, omdat wy as folk no ienris net sa gol eurootsjes yn in pealtsje stekke. Dêr wurde wy hieltyd hurder yn.

Sawiesa, wy sitte yn in oare tiid. Sneins en tsjerke seit ús ek al net sa folle mear. It amtsgebed waard de gemeenteried fan Achtkarspelen ek al útsmiten. Om't, sa't letterlik de VVD en FNP seine, der hieltyd minder kristlike riedsleden binne dy't efter it gebed steane. Unbegryplik, dat seine se op deselde dei dat it CDA wer wûn yn Noardeast Fryslân. VVD en FNP hiene der noch in frjemde utering by: It gebed soe net passe by in ried dy't him ynsette moat foar álle burgers, wat foar leauwen dy ek hawwe.

ChristenUnie-minsken hawwe in leauwen. Dy stimden yn Achtkarspelen net mei om tenei dan mar in momint fan besinning te nimmen. Dat is der ek altyd as fuotballers in goal meitsje. Dan sakje se efkes op de knibbels en dan hannen en eagen nei boppe. Sa fan ik haw 't net allinne dien. Dat fynt de ChristenUnie yn Achtkarspelen neat.

Se wolle dat de kristlike gemeenteriedsleden yn in apart keammerke krekt foar de riedsgearkomste efkes net troch de knibbels mar wol yn gebed gean. Prima, alles mei. Mar dan mei ik sizze dat it net helpt as je it beslút nimme moatte as Achtkarspelen no al as net fierder moat mei Tytsjerksteradiel, want dêr wurde je echt net by holpen.

Ik wie suver wat fan de wize. Fan de Kilkenny's fuortdreamd nei it amtsgebed yn Achtkarspelen. Hoe komme je der op. Gau wer konsintrearje. Och heden, se spylje en sjonge "het kleine café" fan Vader Abraham op syn Iersk. Meisjonge. "Allen gelijk en tevree". Gesellich."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)