Takom jier net mear frij fleane mei drones

28 nov 2018 - 07:25

Minsken dy't foar de wille sa no en dan mei in drone fleane en minsken dy't dêr harren jild mei fertsjinje, hawwe ynkoarten te krijen mei nije Europeeske regels. Sa meie drones dalik net heger as fleane as 120 meter. Ek moat in ynboude chip foarkomme dat se yn gebieten komme dêr't se net komme meie, bygelyks by in fleanfjild lykas de basis by Ljouwert.

In drone - Foto: Custom Drone

De nije regels binne opsteld troch de EU-ôfdieling dy't it foech hat oer de feiligens fan de loftfeart. No hawwe alle EU-lannen harren eigen regels foar drones. De nije easken hawwe benammen gefolgen foar profesjonele dronebrûkers. De nije wetjouwing is tiisdei presintearre op de Amsterdam Drone Week. Tusken april en juny takom jier moatte de regels yn gean.

Fryslân as proeftún

Der wurde yn Fryslân al wichtige tests dien mei drones, om medisinen fan de fêste wâl nei it Waadeilân Skiermûntseach te bringen. "Eén vlucht ging goed, de andere niet'', sa seit minister Van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer. Mar de minister is derfan oertsjûge dat de drones mear foardielen hawwe sille. "Het gaat hard in de komende jaren. Je moet zorgen dat je erbij bent. We mogen de boot niet missen. Of de drone."

Net mear fleane yn de stêd?

Neffens de minister kinne drones oer in pear jier in soad wurk oernimme fan minsken. It giet dan om gefaarlike putten, lykas ynspeksjes fan gemyske kompleksen, ûnderhâld fan brêgen en kontrôles by gaslekken. It kin wêze dat Nederlân de regels dêrfoar nochris oanpasse moat.

Yn Amsterdam, Rotterdam en Eindhoven is it bygelyks al folslein ferbean om mei drones te fleanen. "Laten we eerst meer ervaring opdoen. Drones moeten veilig zijn, zodat ze niet uit de lucht vallen. En de privacy van mensen moet gewaarborgd zijn'', sa seit Van Nieuwenhuizen.

Trefwurden: 
EU drone regels
(advertinsje)
(advertinsje)