Súdwest-Fryslân wol mei Hylpers yn petear oer brûken twadde wenningen

28 nov 2018 - 05:59

Gemeente Súdwest-Fryslân wol mei de ynwenners fan Hylpen yn petear oer it gebrûk fan rekreaasjewenningen yn de stêd. In groep Hylpers makket him soargen oer 42 wenningen yn de stêd dy't net permanint bewenne wurde soe, mar brûkt wurdt as twadde wenning. Dat is neffens de groep net goed foar de leefberens yn Hylpen.

De Grutte Tsjerke yn Hylpen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De groep makket him soargen oer de takomst fan de stêd. "As der gjin aksje ûndernommen wurdt, wurde der hieltyd mear wenningen as twadde wenning oankocht. We sjogge ús stêd dan feroarjen yn in fakânsjedoarp", seit Jaap Kruis. Hy spruts tiisdei op in kommisjegearkomste fan de gemeente.

Kruis: "De wenningpriis wurdt no al heger en dêrom ha Hylpers grutte muoite mei it finen fan betelbere wenningen. Der is in grutte fraach nei betelbere hier- en keapwenningen. In manier om dat te realisearjen is de gemeente te freegje om it bestimmingsplan te hanthavenjen."

Bestimmingsplan: allinnich permaninte bewenning

Yn it bestimmingsplan fan Súdwest-Fryslân stiet dat de wenningen allinnich brûkt wurde mei foar permaninte bewenning. It yn besit hawwen fan in twadde of rekreaasjewenning is net tastien. De groep Hylpers hie by de 42 wenningen in hanthaveningsfersyk yntsjinne. Dan moat de gemeente ûndersykje oft der echt in oertrêding makke wurdt.

Fan mar njoggen fan de 42 wenningen is it hanthaveningsfersyk ûntfanklik ferklearre. Sa'n fersyk mei nammentlik allinnich as 'belanghawwende' en neffens de jurisprudinsje binne je dat allinnich as je binnen 100 meter wenje.

It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gemeente sil by dy njoggen wenningen ûndersykje hoe't de situaasje is, mar wethâlder Mark de Man sei tiisdei op de kommisjegearkomste dat de grinzen tusken it permanint bewenjen en rekreatyf brûken hieltyd minder dúdlik wurde. "Stel: een schrijver, woont in het westen, heeft een tweede huis in Hindeloopen en schrijft daar vier dagen per week een boek. Is dat recreatieve bewoning? Over dat soort vragen zul je discussie krijgen."

Ek foardielen

Dat bepaalde gebouwen yn Hylpen as rekreaasjewenning brûkt wurde, kin ek foardielen opsmite, hie it kolleezje fan boargemaster en wethâlders earder oanjûn. In wikseljende befolking is befoarderlik foar bygelyks hoareka en musea.

Dochs moat it kolleezje de eagen net slute foar de problemen, sei VVD'er Simon de Witte: "We binne foar de frijemerkwurking, mar der is dus in groep dy't fynt dat it te folle yn disbalâns rekket. Dus ik soe graach in berop dwaan op de ferkeapjende partij om de foarkar te jaan oan ien út Hylpen of út de buert."

Soargen wurde dield

De soargen fan de groep Hylpers waarden tiisdei op de kommisjegearkomste ek dield troch de measte oare politike partijen. "Ja, it foarkomt leechstân en ferpaupering. mar wêr't dat net it gefal is, is in twadde wenning hiel ferfelend", sei Tsjerk Bouwhuis fan de FNP. "Op dizze plakken wurdt al sa'n bytsje of hielendal net boud. Sa kin de jeugd gjin wenplak mear fine en dy jeugd is just sa belangryk foar de leefberens."

Anneke Koster-Klijnstra fan it CDA wol dat it bestimmingsplan hâldfêst biedt: "In wenning dy't in wenbestimming hat en inkeld en allinnich kommersjeel brûkt wurdt, is ûneigentlik brûken fan de wenning."

Johan Lanbroek fan de PvdA sei oer itselde bestimmingsplan: "It bestimmingsplan meitsje we mei-inoar sadat we witte as boarger wêr't we oan ta binne. It iene pân hat in hoarekabestimming, it oare in wenbestimming. Dy wenbestimming yn Hylpen is permaninte bewenning."

Dit is in grutte oerwinning foar ús.

Jaap Kruis, oer dat de partijen har ek soargen meitsje

Kruis seach de wurden fan de partijen as stipe. "De partijen wolle ek dat der hanthavene wurdt. Dit is in grutte oerwinning foar ús."

Yn petear

Der sil hanthavene wurde, sei wethâlder De Man, mar hy wol yn gearwurking mei Hylpers ta in oplossing komme. "Een aantal Hindeloopers maakt zich zorgen over de toekomst van Hindeloopen. Daarover willen we graag in gesprek. Dat willen we ook loskoppelen aan de handhavingsverzoeken. Dit is een breder maatschappelijk vraagstuk. Daarover willen we in gesprek, zodat we hopelijk met een oplossing kunnen komen die door heel Hindeloopen wordt gedragen. Die gesprekken gaan we met een open vizier in."

"Het gebruik van woningen voor recreatie heeft gevolgen voor de leefbaarheid, maar er zijn ook kansen voor de leefbaarheid", fûn De Man. "Dat moeten we afwegen. Net als de bevolkingskrimp die we op ons af zien komen."

"Bovendien loopt er een woningonderzoek. Als de behoefte aan nieuwe woningen ook in Hindeloopen heel groot blijkt, dan kunnen we daar verder naar kijken."

Amsterdamske oplossing

By it sykjen nei in oplossing seach FNP'er Bouwhuis nei hoe't se it oanpakke yn Amsterdam: "Dêr meie je aanst noch mar tritich dagen je wenning ferhiere en dy dagen moatte je earst ek noch oanjaan by de gemeente. Yn drokke wiken wurdt sels in totaalferbod ûndersocht. Ik tink dat de gemeente Amsterdam dizze kennis echt wol diele wol."

Sa'n oplossing is foar De Man ek in opsje: "Als Hindeloopen daarmee content zou zijn, dan zouden we dat kunnen doen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)