Koälysjepartijen CDA, FNP en VVD wolle beslút sânwinning De Fryske Marren útstelle

27 nov 2018 - 22:28

De riedsfraksjes fan CDA, FNP en VVD yn De Fryske Marren wolle it beslút oer sânwinning yn de Iselmar útstelle. Dêr soe woansdeitejûn in beslút oer falle. De trije partijen dy't it beslút útstelle wolle, foarmje mei-inoar in koälysje. Sy fine it net ferstannich dat de gemeenteried in beslút nimt as yn de Twadde Keamer noch fragen oer de sânwinning binne.

De Iselmar tusken Nijemardum en Aldemardum. - Foto: Remco de Vries

Yn de Twadde Keamer binne nammentlik fragen steld, nei oanlieding fan de diskusje yn De Fryske Marren. Dêr stiet foar woansdeitejûn in wiziging fan it bestimmingsplan op de aginda. Dy wiziging moat sânwinning mooglik meitsje.

Op de fragen yn de Twadde Keamer hat minister Cora van Nieuwenhuizen tasein in brief mei oanfoljende ynformaasje te stjoeren. CDA, FNP en VVD wolle it ûnderwerp pas behannelje nei't de minister de Twadde Keamer fierder ynformearre hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)