Noch hieltyd gjin dúdlikens oer lokaasje wenweinplakken Smellingerlân

27 nov 2018 - 22:16

It is noch hieltyd net dúdlik wat de lokaasje wurdt fan it nije wenweinkamp yn Smellingerlân. It soenen der ek wolris mear wurde kinne, want de gemeente hat twa op it each, de wyk Wetterwille en it doarp Drachtsterkompenije.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Wenweinbewenners wolle al jierren in nij plak foar harren wenwein. Under de bewenners fan de beëage lokaasjes bestean noch in protte fragen. Dêrom wie der tiisdei in ynformaasjejûn, dêr't alle belutsenen inoar fragen stelle koene, mar de ûnwissichheid is der net minder om, sa konkludearre Corrie Ponne fan it CDA.

Sy is teloarsteld yn dit kolleezje oer hoe't dy it oan no ta oanpakt hawwe, want in protte bewenners binne skrokken fan de plannen en witte net wêr't se oan ta binne.

Corrie Ponne, CDA Smellingerlân

Neffens wenweinkamp wurdfierder Antonio Corpier binne in protte wenweibewenners skeptysk oer de plannen, omdat der de lêste jierren wol faker wat beloofd is. Op 11 desimber is der in debat en wurdt it beslút naam oer de definitive lokaasje.

Antonio Corpier, wurdfierder fan de wenweinbewenners

(Advertinsje)
(Advertinsje)