D66-proefballon foar Factory Outlet Center yn Easterwâlde ôfsketten

27 nov 2018 - 21:40

Der komt gjin Factory Outlet Center yn Easterwâlde. D66 hie in moasje yntsjinne foar in ûndersyk nei de mooglike festiging fan sa'n winkelsintrum, mar dy helle gjin mearderheid yn de ried.

Kleanwinkel - Foto: Shutterstock.com

Bedriging foar middenstân

De gemeente Eaststellingwerf hie yn maart noch in brief nei de gemeente Assen stjoerd om te warskôgjen foar de komst fan in Factory Outlet Center nei Drinte. It soe in bedriging wêze foar de oare middenstân yn regio. Dan is it nuver dat jo no besykje it ôfwiisde projekt út Drinte oer te nimmen, fine wethâlder Bos, Ooststellingwerfs Belang en de PvdA.

It Factory Outlet Center soe fyftjijn hektare grut wurde en soks kin eins inkeld mar yn it bûtengebiet dat beskerme wurde moat, fine wethâlder Bos en GrienLinks. Foar festiging yn it bûtengebiet is de provinsje nedich en dy soe eins allinnich mar in outlet-park by Ljouwert hawwe wolle. De middenstânsorganisaasjes yn Eaststellingwerf binne ek op in Factory Outlet Center tsjin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)