Frouljusteam Hearrenfean wint ienfâldich fan Achilles'29

27 nov 2018 - 21:31

SC Hearrenfean hat yn de earedifyzje foar froulju thús mei 6-0 wûn fan Achilles'29. Kerstin Casparij en Tiny Hoekstra skoarden elk trije kear. Troch de oerwinning klimt Hearrenfean nei it sechsde plak. Achilles'29 bliuwt njoggende en lêste.

Argyffoto Kerstin Casparij - Foto: www.orange-pictures.nl

Casparij soarge healwei de earste helte foar de 1-0 nei in foarset fan Hoekstra. Keepster Annerens Tijm fan Achilles'29 koe it noch even spannend hâlde mei wat rêdingen, mar Hoekstra makke flak foar it skoft nei in moaie aksje dochs de 2-0. Yn de lêste minút fan de earste helte makke Casparij ek noch har twadde goal.

De oerwinning wie doe al binnen, mar yn de twadde helte besocht de ploech fan Roeland ten Berge it publyk noch wat te fermeitsjen. Dat slagge mei nochris trije goals. Nei in lyts oere sette Hoekstra de 4-0 op it skoareboerd mei in hurd skot. Yn de lêste tsien minuten makke Casparij har tredde en yn blessueretiid die Hoekstra itselde.

Takom freed spylje de Friezinnen in útwedstriid tsjin koprinner PSV.

(advertinsje)
(advertinsje)