Keamerfragen oer sânwinning yn Iselmar

27 nov 2018 - 20:54

D66 en GrienLinks hawwe yn de Twadde Keamer fragen steld oer de sânwinning yn de Iselmar by Gaasterlân. Yn in moasje, ek ûndertekene troch de ChristenUnie, freegje se de regearing om in oersjoch te meitsjen fan alle stappen dy't nommen binne om ta it beslút foar sânwinning yn de Iselmar te kommen.

It sanwinningseilan sa as it der neffens Royal Smals utsjen giet - Foto: Byld: promofilm Royal Smals

Yn de moasje wurdt derfoar pleite sunich te wêzen op de natoer en al hielendal op de beskerme Natura 2000-gebieten. Yn de plannen foar de sânwinning wurdt tritich jier lang, oant 60 meter djipte, sân ôfgroeven foar de kust fan Aldemardum. Dêrby wurdt, neffens de partijen, in belangryk foerazjeargebiet foar bysûndere en beskerme fûgels oantaast.

Foech leit by de provinsje

De sânwinfergunning ynlûke kin de Twadde Keamer net, omdat de provinsje it yn dit gefal foar it sizzen hat. "Wij kunnen alleen controleren of er een zorgvuldige procedure in acht is genomen met het verlenen van de vergunning", skriuwt D66. De partij hopet dat se mei de moasje de diskusje wer oanswingelje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)