Meiwurkers MCL stimme tsjin regeldruk: "Er worden zeker regels geschrapt"

Meiwurkers fan it MCL koene tiisdei in stim útbringe tsjin de regeldruk yn de soarch. De VVAA (in feriening foar wurknimmers yn de soarch) wie yn de sintrale hal fan it sikehûs. '(Ont)regel de zorg' is in beweging fan soarchferlieners dy't minder administraasje wolle en just mear tiid foar de pasjint.
Sikehûs MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
"De medewerkers waren ontzettend enthousiast", seit Erica Bakkum. Sy sit yn de rie fan bestjoer fan it MCL en wie earder ek belutsen by de VVAA. "We hebben meer dan 500 handtekeningen opgehaald."
Neffens Bakkum komt dy regeldruk trochdat der in protte ferskillende ynstânsjes binne. "Daar zit met name de regeldruk en de toegenomen administratie."
Mei de stimmen dy't útbrocht wurde tsjin de regeldruk, sille de foarsitters fan de sikehûzen om tafel. "Er zijn voorstellen die met de ministers worden besproken. Voor de medisch-specialisten zijn er bijvoorbeeld 120 mogelijke 'schrapregels'. Het wordt bekeken of die reëel zijn, maar er worden zeker regels geschrapt", seit Bakkum.
Erica Bakkum fan it MCL