Roel Oostra: "Kulturele Haadstêd hie wol wat Frysker mocht"

27 nov 2018 - 19:30

Kulturele Haadstêd 2018 hie om âld-teäterman Roel Oostra wol wat Frysker mocht. Dat sei de eardere direkteur fan De Lawei tiisdei by de útrikking fan de lanlike priis fan de Kunstenbond dy't nei him neamd is. Stedsskouboarch De Harmonie krige de Roel Oostrapriis foar it meast gastfrije teäter.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Roel Oostra

Inkeld mienskip, fierders neat

Oostra hat net alle foarstellingen fan Kulturele Haadstêd LF2018 persoanlik sjoen, mar it wol folge. "Der binne in protte moaie dingen gebeurd. Mar wêr't ik my oer ferbaas, is dat der offisjeel mar ien Frysk wurd brûkt wurdt. Dat is mienskip. Fierders is der noait mear in Frysk wurd fallen. Wol by Under de Toer fansels, mar net by it grutte wurk. Niks Frysk."

Passe-partût foar it libben foar De Lawei

Oostra is no 96 jier. It gie nei omstannichheden goed mei him. "Myn rinnen is net sa bêst mear, mar foar de rest is alles noch okee." Hy wie fernuvere doe't er hearde dat der in priis nei him neamd wurde soe. "Achterôf fyn ik wol leuk." De Drachtster mei dan in respektabele âldens hawwe, mar hy komt noch wol in protte yn it teäter.

"Ik wenje flak achter De Lawei. Doe't ik dêr ôfskied naam, krige ik de fraach wat ik hawwe woe. Ik sei: "Doch mar in passe-partût foar it libben." Dus ik kin der sa faak hinne gean as ik wol." Oostra seit dat er alles wol moai fynt, behalve modern ballet. "Dat fyn ik gymnastykoefeningen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)