"Gemeenten eastlik Fryslân moatte gearwurkje by plannen akwadukt"

27 nov 2018 - 19:02

De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel moatte gearwurkje by de plannen foar in akwadukt by Koatstertille. Dat fynt it CDA yn Achtkarspelen.

Foto: Google Street View

It Ryk en de provinsje hawwe ôfpraat dat se de mooglikheid fan in akwadukt ûnder it Prinses Margrietkanaal by Koatstertille ûndersykje sille. It CDA yn Achtkarspelen wol dat de ried en de ynwenners nau belutsen wurde by de plannen. En dat der oplutsen wurdt mei Tytsjerksteradiel.

De partij freget it kolleezje fan boargemaster en wethâlders ek wat de finansjele konsekwinsjes binne foar de gemeente en oft der al neitocht is oer in krekte lokaasje.

"Akwadukten net earlik ferdield"

De akwadukten binne net earlik ferdield oer Fryslân. Dat gefoel libbet al wat langer yn Achtkarspelen. Se wolle dêr wol graach op syn minst ien akwadukt, want it Prinses Margrietkanaal wurdt hieltyd drokker mei frachtferkear.

Op fersiken om in akwadukt by Koatstertille krige Achtkarspelen oant no ta te hearren dat dêr gjin jild foar is. Mar dy situaasje is feroare. Minister Van Nieuwenhuizen makke freed bekend dat der jild komt foar it oanpakken fan knyppunten by it Prinses Margrietkanaal del. It CDA yn Achtkarspelen fynt dat de gemeente dy kâns mei beide hannen oangripe moat om no dochs in akwadukt te realisearjen by Koatstertille.

Lykwols, de flagge kin noch net út, fynt CDA-gemeenteriedslid Romke van der Wal. "Der sil earst noch wol wat wetter troch it kanaal moatte. Wy waarden bliid doe't wy hearden dat de farrûte fan De Lemmer nei Delfsyl ferbettere wurde sil. Dêr lizze Koatstertille, Skûlenboarch, Blauforlaet en Gerkeskleaster-Stroobos ek oan."

Besteande brêgen te smel, gefaarlik en steuringsgefoelich

Van der Wal wol de kâns net foarby gean litte om de situaasje by Koatstertille oan te pakken. Dêr is de lêste tiid nochal wat bard, seit er: "De brêge by Koatstertille is gefaarlik, omdat dêr wol gauris in boat tsjinoan fart dêr't skea út ûntstiet.

Dy skea wurdt dan ferholpen, mar de brêge stiet wol op it listje om renovearre of ferfongen te wurden, seit Van der Wal. "It behear fan de brêge is okkerdeis oergien nei Rykswettersteat. Dy wol de hiele farrûte ferbetterje, ek omdat it hieltyd drokker wurdt. Dy brêge moat ferfongen wurde. Doch it dan yn ien kear goed."

De oare oergongen fan it kanaal kinne ek wol wat ferbettering brûke, giet Van der Wal fierder. "De brêge by Skûlenboarch hat withoefaak steuringen. Dêrom moat er ferfongen wurde. En de brêge by Koatstertille is te smel, wat gefaarlik is. Blauforlaet is te smel foar frachtweinen en trekkers. Gerkeskleaster-Stroobos is in platte brêge dy't eins net yn dizze farrûte past. Dy is ek gefaarlik."

Oer de krekte ynfolling fan in bydrage fan de gemeente kin Van der Wal noch net it measte sizze. "Dit is net it momint om it oer euro's te hawwen. Dat is no noch in brêge te fier."

Romke van der Wal

(advertinsje)
(advertinsje)