FIDEO: Wat hat Ter Avest leard fan syn dei by it Rijksmuseum?

Is direkteur Taco Dibbits fan it Rijksmuseum yn Amsterdam ôfrûne freed wat wizer wurden nei't er in dei de baas wie fan museum it Hannemahûs yn Harns? En koe direkteur Hugo ter Avest fan It Hannemahûs de druk en de drokte fan it Rijksmuseum oan? Beide direkteuren wikselen in dei fan funksje om te sjen as se wat faninoar leare kinne. Direkteur Hugo ter Avest fan it Hannemahûs yn Harns fertelt yn Fryslân Hjoed wat er fan it aventoer fûn.
Museumdirekteuren ruilje foar in dei