Undernimmers Lytse Tsjerkestrjitte meie wer útstalle op strjitte

27 nov 2018 - 17:51

De gemeente Ljouwert wol ûndernimmers yn de Lytse Tsjerkestrjitte yn 'e mjitte komme mei útstallingen op strjitte. Dat wie in winsk fan de ûndernimmers en dêrom komt der no in pilot. Undernimmers meie no ferkeapje mei in útstalling op strjitte foar it eigen pân. Dy mei net fierder komme as de goatte.

Foto: Google Street View

De bedoeling is dat de pilot twa jier duorret. Nei elk heal jier komt der evaluaasje mei de ûndernimmersferiening en de binnenstêdsmanager. Oan de ein fan de pilot wurdt besjoen oft de útstalling permanint tastien wurdt.

Trije jier lyn hie de Ljouwerter gemeenteried al in moasje oannaam om sa'n pilot te organisearjen. It gie doe net allinnich om de Lytse Tsjerkestrjitte, mar ek om de Easterstrjitte en de Sint-Jakobsstrjitte. Foar dy lêste twa strjitten moat noch ûndersocht wurde oft in pilot helber is. Dan giet it bygelyks om de iepenbiere oarder en ferkearsfeiligens.

Inoar oansprekke op oertrêdingen

De gemeente wol dat de ûndernimmers - en de ûndernimmersferiening - inoar oansprekke as de betingsten fan de pilot net neilibbe wurde. As in oertrêding nei meardere fersiken bestean bliuwt, dan sil de gemeente him dermei bemuoie. Mooglik wurdt yn sa'n gefal de pilot beëinige.

(advertinsje)