BFVW-petysje foar EU om jacht op greidefûgels te ferbieden

It Bûn Fryske Fûgelwachten (BFVW) begjint in petysje tsjin de jacht op greidefûgels. Se wolle it Europeesk Parlemint oproppe om de jacht op kwetsbere greidefûgels, lykas de skries, wylp en ljip, te ferbieden.
Ljip © Shutterstock.com
It stekt it BFVW benammen dat yn Nederlân in soad jild stutsen wurdt yn it beskermjen fan dy fûgels, wylst se yn de trek nei it suden "massaal uit de lucht worden geschoten". Yn Frankryk meie minsken no al jeie op de ljip en de strânljip, en it BFVW is benaud dat fan 2020 ôf de skries dêr ek net mear feilich is.
De wylp is ek op in protte plakken beskerme, mar der jildt in útsûndering foar de kustline fan Frankryk. It BFVW: "De trekroute loopt langs deze kustlijn, waardoor de trek een hachelijke onderneming is voor de wulpen." Dêrom wol it bûn ek dat sokke útsûnderingen ôfskaft wurde.

Hantekens oanbiede oan Europarlemintariër

It BFVW wol de kommende trije moannen safolle mooglik hantekeningen sammelje, om se op 1 maart by de algemiene ledegearkomste fan it BFVW oan te bieden oan Europarlemintariër Jan Huitema. De VVD'er spruts him earder ek al út tsjin de Frânske jacht op greidefûgels.
1 maart is ek it startskot fan de maitiid foar de frijwilligers fan it BFVW, dy't dan de aaien en pykjes fan ûnder oare de ljip, skries en strânljip beskermje. Ein maaie binne de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint, neffens it BFVW in goed momint om partijen en kandidaten te oertsjûgen dat, yn de wurden fan BFVW-foarsitter Rendert Algra, "der in ein komme moat oan de moard op kwetsbere greidefûgels."