Seeforel moat ekonomy yn Noard-Fryslân in slinger jaan

27 nov 2018 - 16:12

It Waadfûns stekt trije miljoen euro yn in projekt sadat fisken hinne en wer swimme kinne tusken de Waadsee, de Lauwersmar en de wetters dêrachter. De kommende fiif jier wurde seeforellen útset, barriêres wurde sa oanpakt dat se makliker te nimmen binne en de wetterkwaliteit wurdt ferbettere. Tagelyk wurdt de sportfiskerij yn it gebiet stimulearre.

Foto: Omrop Fryslân

De hoop is dat de taname yn it tal sportfiskers in posityf effekt hawwe sil op de finansjele ûnderbouwing foar de fiskferbiningen. Soks is op it eilân Funen yn Denemarken ek dien en dêr is it in súkses. It gebiet lûkt in soad sportfiskers, dy't soargje foar 64.000 ekstra oernachtingen.

Seeforellen binne diva's

De seeforel is in fisk dy't hege easken stelt oan syn omjouwing. Troch de oanlis fan in soad slûzen en gemalen en troch de ôfsluting fan de Lauwersmar ferdwûn de fisk út de binnenwetters yn it noarden. As de seeforel wer weromkomt, jildt dat ek wis foar oare trekfisksoarten, is de ferwachting.

It projekt kostet mei-inoar 4,6 miljoen euro. Mei de subsydzje fan trije miljoen euro fan it Waadfûns kin it no los. De partijen dy't gearwurkje yn it projekt betelje de rest. It giet dan ûnder oare om Sportvisserij Nederland, Steatsboskbehear, Sportvisserij Fryslân, Hogeschool Van Hall-Larenstein, de Waadferiening en de provinsje Grinslân.

Trefwurden: 
Waadfûns seeforel
(advertinsje)