Ferwûne by fjochtpartij op jûn weriepening kafee De Prins

Op de jûn fan de weriepening fan kafee De Prins yn Kollumersweach is yn de nacht fan freed op sneon in man ferwûne rekke. Dat barde nei't er spul hie mei in oare kafeebesiker. De ferwûne is 24 jier en komt út Kollumersweach.
© Omrop Fryslân
Hy rekke ferwûne oan it each, doe't er yn it gesicht slein waard. De plysje hat noch gjin minsken oanholden, mar wol fertochten op it each.

Sûnt juny ticht

Freed wie de weriepening fan it kafee. Sûnt juny wie De Prins ticht op lêst fan boargemaster Bearn Bilker. Neffens de gemeente waard yn it kafee alkohol oan minderjierrigen skonken en waard der yn harddrugs hannele.