Skoalgebou Friese Poort yn Drachten ûntromme fanwege brân

27 nov 2018 - 15:10

In gebou fan ROC Friese Poort oan de Leidyk yn Drachten hat tiisdeitemiddei fanwege in brân koarte tiid ûntromme west. In handoekapparaat yn in wc stie yn de brân.

Minsken fan de skoalle besochten earst om sels it fjoer út te meitsjen, mar dat slagge net. De brânwacht wie even letter teplak en sy krigen de brân wol út.

Skoalpersoniel en learlingen moasten koarte tiid bûten stean, en ek de lessen moasten troch it brânalarm stillein wurde. Nei't de brân ûnder kontrôle wie koene de learlingen en it personiel wer werom it gebou yn.

(advertinsje)