Frou ferwûne nei oanriding mei beam yn Oerterp
By in ûngelok yn Oerterp is tiisdeitemiddei in autobestjoerster ferwûne rekke. De frou ried op de Skânswei tsjin in beam oan.
Se is út de auto helle en nei it sikehûs ta brocht. De traumahelikopter út Eelde waard ek oproppen.
Hoe't it mei de frou is en wat de oanlieding fan it ûngelok wie, is net dúdlik.