FIDEO: Ynternasjonale ferhalen by Steinfort Glas yn Frjentsjer

27 nov 2018 - 14:02

In teäterfoarstelling sûnder skript. Sa is 'Doarp Europa' fan Tryater begûn. In produksje wêrby't Europeeske spilers, muzikanten en dûnsers de siel fan it plattelân en de stêd besykje te fangen en harren ynspirearje litte troch alle kultueren en ferhalen yn Fryslân en Europa.

Dorp Europa Steinfort Frentsjer

Tryater spilet 'Doarp Europa' oant 15 desimber tweintich kear by bedriuwen dy't woartele binne yn Fryslân, mar konneksjes hawwe oer de hiele wrâld.

Ien fan dy bedriuwen is Steinfort Glas yn Frjentsjer. It bedriuw hat yn de hûndert jier dat se no besteane swiere tiden hân, mar se binne klear foar de takomst.

Sa'n 75 meiwurkers binne hjir alle dagen dwaande mei it beprintsjen en bewurkjen fan glês benammen foar de bou, mar se binne ek aktyf mei in webshop, foar de minsken thús.

It betsjut dat de foarstelling dizze kear spile wurdt yn in loads fol mei glês en ferskate masines.

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)