Nijkommer yn de Fryske Top 100: 'Nei Akkoord' fan Andries de Vries

27 nov 2018 - 12:00

Der kin wer stimd wurde op de Fryske Top 100. The Cliffs of Moher fan Gurbe Douwstra, Piter Wilkens syn Knoopkes en it Bûthúsbankje fan De Wiko's. Alle bekende nûmers stean grif wer yn de list. Mar faaks sitte der dit jier ek in pear nijsgjirrige nijkommers tusken. Dizze wike stelle wy fjouwer nije kânshawwers oan dy foar. Hjoed: 'Nei Akkoord' fan Andries de Vries.

Andries de Vries - Foto: Omrop Fryslân

Andries, dyn namme ha wy noch net earder yn de Fryske Top 100 stean sjoen, of wol?

"Dat kloppet. Ik bin dit jier begûn mei it útbringen fan eigen nûmers. Yn jannewaris ha ik myn earste single útbrocht: 'Bisto makke foar my?' Dêrnei folge 'Ik flean' en 'Nei Akkoord'. En sûnt koart is ek 'Lyts famke' út."

Tsjong, do timmerest flink oan de dyk!

"Jaseker, ik ha de smaak te pakken. Al sa'n twa jier skriuw ik myn eigen nûmers, mar ik siet der altyd tsjinoan te skiten om der wat mei te dwaan. Oant in freon fan my sei: jonge, jou no ris gas! Doe ha ik in studio opsocht op Google. De earste de bêste ha ik belle en it wie fuort raak."

Dat kinst wol sizze. Dyn nûmers falle yn de smaak.

"Jawatte! Dêr stie ik sels ek fan te sjen. Doe't de Omrop belle dat se myn nûmer draaie woene, wie ik flabbergasted. Dat hie ik hielendal net ferwachte. Fansels, hopest der wol op, mar dat it ek echt draaid wurdt, is wol hiel nuver."

En no dus miskien wol yn de Fryske Top 100!

"Dat soe hielendal fantastysk wêze. Myn nûmer Nei Akkoord wurdt in hiel soad draaid, dus dêr set ik myn jild op yn. Ik wit net hoe grut de kâns is, mar it soe prachtich wêze as er aanst yn de list stiet. Oft dat no op nûmer 99 is of op nûmer 40, it makket my neat út. Mar it soe wol in bekroaning fan dit earste jier wêze."

Wurdst no al folop boekt as artyst?

"Nee, dat noch net. Hiel earlik: dat hoecht foar my no earst ek noch net. Ik bin útnûge foar it Frysk Sjongers Gala en ik skyt no al yn de broek!"

Wat no: plankekoarts?

"Dat net iens. Ik stean faak genôch op de planken as toanielspiler, mar dit is toch oars. Dit binne myn eigen teksten en ferskes, wêrtroch't it folle persoanliker wurdt. As minsken it dan net moai fine, dan nim ik dat hiel persoanlik op."

Ik freegje al myn freonen om op my te stimmen.

Andries de Vries

Dan wat oars: do wist dat 'Nei Akkoord' net hielendal geef Frysk is?

"Eeeh nee... Oh ja, no'tst it seist! 'Nei' moat fansels mei lange ij."

En akkoord is ek net hielendal goed...

"Ek net?! Jonge, dan is der noch wol wat wurk oan de winkel wat myn Fryske stavering oanbelanget!"

In moai goed foarnimmen foar takom jier!

"Dogge wy! Fierder ha 'k eins gjin goeie foarnimmens. No ja, ik sil mei twa toanielfreonen in eigen toanielstik skriuwe. Mar oft dat no ûnder de kategory 'goeie foarnimmens' falt, wit ik net. It is mear in moaie útdaging yn 2019."

Lêste fraach: op wa stimsto aanst?

"Net op mysels. Dat soe frjemd wêze, fynst net? Dan spoar ik myn freonen leaver oan om op my te stimmen. Wy sille it sjen!"

Nei Akkoord - Andries de Vries

Jou dyn stim!

Fan no ôf kinsto stimme op de Fryske Top 100 fan 2018. Folje hjir fuortendaliks dyn persoanlike top 5 yn!

Mear hearre fan Andries de Vries? Hy is tiisdeitemiddei te gast yn it Omrop Fryslân-radioprogramma De middei fan Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)