Eigen CO2-útstjit kompensearje? Keapje in stikje lân!

27 nov 2018 - 11:47

De Friese Milieu Federatie wol takom jier, mei feriening de Noardlike Fryske Wâlden, hannen en fuotten jaan oan in plan foar CO2-kompensaasje op feangrûn. Dat seit direkteur Hans van der Werf.

Foto: Omrop Fryslân

Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie oer Valuta voor Veen

De bedoeling is dat boeren it wetterpeil op harren lân ferheegje om CO2-útstjit tsjin te gean. As beleanning dêrfoar meie se sertifikaten ferkeapje dêr't bedriuwen of oare ynteressearren harren CO2-útstjit mei kompensearje kinne of gewoan yn ynvestearje wolle út belutsenens by it miljeu.

Hûnderten euro's

De sertifikaten sille ûngefear 35 euro it stik kostje. Op dizze wize kinne boeren finansjeel kyt draaie. Sy soene dan nei skatting tusken 400 en 600 euro de bunder fertsjinje, seit Van der Werf.

It plan mei de namme 'Valuta voor Veen' bestiet al langer, mar is oant no ta noch net fan de grûn kaam. Neffens Van der Werf binne petearen mei in twatal boeren dy't deroan meidwaan wolle no yn it lêste stadium bedarre. Hy giet derfan út dat it plan mids takom jier útrôle wurde kin.

(advertinsje)
(advertinsje)