Bedrige wylp folget hússwel op as fûgel fan it jier

De wylp is troch Vogelbescherming Nederland en Sovon Vogelonderzoek Nederland útroppen ta fûgel fan it jier 2019. De organisaasjes wolle mei dizze útferkiezing de wylp omtinken jaan en foarkomme dat de bedrige fûgelsoart yn populaasje fierder weromgiet. De wylp is in kust- en greidefûgel dy't in soad yn Fryslân te finen is.
Twa wylpen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Ut de nije Vogelatlas die bliken dat it net goed giet mei de kust- en greidefûgels yn Nederlân. Dat jildt ek foar de wylp, wêrfan't der jierliks 4300 pearen yn ús lân briede. De fûgelbeskerming wol de oerlibbingskânsen fan de wylp fergrutsje troch greidlannen om te foarmjen ta wite en krûderike gerslannen, sa't op in tal Waadeilannen al dien is.
De wylp is de opfolger fan de hússwel dy't dit jier fûgel fan it jier wie. Dy titel giet no dus nei de wylp. Takom jier sil der in soad ûndersyk dien wurde nei de wylp, dy't neffens de fûgelbeskerming njonken in mysterieuze klank noch in soad geheimen hat. Dêrneist sille der mear tellingen dien wurde om de fersprieding fan de fûgel better yn kaart te krijen.