Eaststellingwerf suksesfoller yn de rjochtseal as tocht

27 nov 2018 - 11:17

It byld dat de gemeente Eaststellingwerf hieltyd mear rjochtsaken ferliest, is net korrekt. Riedsleden hiene oanjûn dat se harren soargen meitsje oer it tal rjochtsaken dat de gemeente fiert en ferlieze soe.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De rekkenkeamerkommisje fan Eaststelingwerf die dêrom ûndersyk nei de juridyske kwaliteiten fan de gemeente. Derút docht bliken dat Eaststellingwerf fierwei de measte rjochtsaken wint, en dat it tal rjochtsaken krekt ôfnimt en dat it tal klachten en beswieren net ôfwykt fan oare gemeenten.

De rekkenkeamer seit wol dat de ynformaasjefoarsjenning rjochting de gemeenteried earder en dúdliker moat. Sa'n 30 prosint fan de klachten kin oplost wurde troch mei de klager te beljen en nei te gean oft de klacht yn oerlis fuorthelle wurde kin. De gemeente moat ek mear leare fan prosedueres by beswierskriften.

(Advertinsje)
(Advertinsje)