Kollum: "Spiker en sloophammer"

27 nov 2018 - 07:21

"Foarige wike mochten wy wer in demokratysk feest fiere. Stimme yn ferbân mei de gemeenteriedsferkiezingen. Yn ús gefal, klaaikluten yn it skaad fan de seedyk, betsjutte dat de gong nei Spiker. Eartiids hjitte dat it âldereintehûs, letter it fersoargingssintrum.

Willem Schoorstra - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

It stimmen yn Spiker wie altyd in hiele opstiging. Rjochts fan de yntree yn de gong wie nammentlik al sûnt dei ien it hingplak fan de bewenners. In bank, in pear stuollen en in tafel om de gettoblaster op te setten. Ut dy strategyske posysje wei koene se moai de geande en kommende man yn 'e gaten hâlde. En oansprekke, fansels.

Fier foar it ûntstean fan it ynternet hie it begryp 'sosjale media' dêr by de yngong fan Spiker al stal krigen. No fûn de ynteraksje mei de bewenners net allinne mar mei de stimmerij plak. Mei besite oan famylje yn it tehûs wie dat lyksa it gefal. Dat barde deistich, want sa'n bytsje it hiele doarp hat wol famylje of kunde yn Spiker te wenjen hân.

Hoewol't it tehûs oan de râne fan it doarp lei, wie it tagelyk ek it sintrum dêrfan. It hert fan de mienskip. Ien dat stadich sloech, mar wis en oanhâldend. Yn Spiker is libbe en lake, binne minsken weirekke en gâns triennen litten. Dat is no allegear foarby. Mei 1 desimber moat ek de lêste bewenner derút wêze.

Soks is mei it gefolch fan it kabinetsbelied om âlderein langer selsstannich thús wenje te litten, yn stee fan yn in djoer fersoargingstehûs. Dat moat de kosten drukke en it hat derfan dat dat slagget. De Nederlandse Zorgautoriteit brocht dy resultaten in pear moanne lyn nei bûten. Mei dat betingst dat de Zorgautoriteit net sizze koe oft de delgong fan de soarchkosten struktureel is of net.

Dat is ek noch mar de fraach. Want it gemeentlik soarchoanbod is net optimaal. Sadwaande krije âlderen lang net altyd de soarch dy't se nedich ha. Hieltyd mear fan harren komme nei ûngemakken yn 'e hûs by de earste help telâne. Sikehuzen sjogge de sealen fol lizzen mei minsken dy't net werom nei hûs kinne, omdat se net ien ha dy't foar harren soarget.

It ûntbrekken fan in sosjaal netwurk is wat dat oangiet funest. Minsken feriensumje. Iensumens is ien fan de grutste problemen fan ús maatskippij. Alderen komme de doar net mear út, famylje en kunde is faak ferstoarn, bern wenje fier fuort of ha it dreech mei de mantelsoarch. Tel dêr it tekoart oan soarchpersoniel noch ris by op en de betingst oer de strukturelens fan legere soarchkosten is ferklearre.

Miskien, sa ornearren wy doe't wy ôfrûne woansdei foar it lêst de smûk ferljochte Spiker útrûnen, komt de regearing oer in pear jier werom op syn belied. Dat dan bliken docht dat it fersoargingstehûs dochs goedkeaper, praktysker en sosjaal folle better is. In útkomst foar elkenien, mar by dy tiid is Spiker al sneuvele ûnder de sloophammer."

(Advertinsje)
(Advertinsje)