Stedsskouboarch De Harmonie meast gastfrije teäter fan it lân: "We zijn apetrots"

27 nov 2018 - 21:30

De Roel Oostraprijs foar it meast gastfrije teäter fan Nederlân is foar stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. De priis komt fuort út de wurdearring fan artysten, teätermakkers, akteurs, dûnsers, regisseurs en oare 'keunstkreativen'.

De priis is ferneamd nei Roel Oostra (97 jier). Hy wie mear as 25 jier direkteur fan De Lawei yn Drachten en stie bekend om syn gastfrijheid. Hy hie each foar wat de artyst nedich hie en wie altyd hiel attint.

Direkteur Arthur Oostvogel fan De Harmonie naam de priis tiisdei yn ûntfangst. Hy krige it brûnzen byld 'Lichtvoetig', makke troch keunstneresse Helga Kock am Brink.

Oostvogel hâldt ein dit jier op as direkteur fan De Harmonie.

Teater de Harmonie yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Roel Oostraprijs is in inisjatyf fan de Kunstenbond.

Eardere winners fan de Roel Oostraprijs wienen: Toneelschuur Haarlem (2014), Theater Rasa (2015), Theater Concordia Enschede (2016) en Parktheater Eindhoven (2017).

Een gastvrij theater aan de voorkant, maar vooral ook aan de achterkant.

Direkteur Arthus Oostvogel fan De Harmonie

Direkteur Arthur Oostvogel is bliid mei de Roel Oostrapriis. "We zijn er apetrots op. Het gaat erom dat je aan de achterdeur goed voor de mensen zorgt, dat ze welkom worden geheten, na afloop een drankje meekrijgen en uitgezwaaid worden. Dat is wat we graag doen, maar dat doen we ook voor onze gasten. Het is gastvrij theater aan de voorkant, maar vooral ook aan de achterkant."

De oanwêzige akteur Frits Lambrechts akteur hâlde in taspraak by de takenning fan de priis. In gastfrije ûntfangst ferfoarderet it besyk yn in teäter, sa fettet Lambrechts de essinsje fan de priis gear.

Ferslachjouwer Willem de Vries is yn De Harmonie

(advertinsje)
(advertinsje)