Houtkachels soargje foar oerlêst by omwenners: mûlekapke op en sliepkeamer ôfplakt

It is wer wintertiid. De tiid fan de gesellichheid en waarmte yn 'e hûs. Hieltyd mear minsken hawwe in houtkachel yn 'e keamer te stean. Lekkere waarmte jout it, sizze de eigeners. Mar foar oaren binne houtkachels in hieltiid grutter wurdend probleem. De reek fan de kachel kin hiele buerten 'terrorisearje'. De reek slacht del of waait de huzen fan buorlju yn. It fynstof dat frijkomt, soarget foar sûnensproblemen by hieltyd mear minsken.
houtkachels oerlêst
Dat jildt ek foar de famylje Pieters. Se wenje yn Ljouwert yn de wyk Westeinde. Yn harren buert stean yn in straal fan 150 meter op syn minst trettjin huzen mei in houtkachel.
Foar Vishitra Pieters is it in hel om yn de winter mei houtkachels om te gean. Se kin net oer de reek en de stof dy't harren hûs yn komt. Somtiden smoart se deryn. Har man Ronnie Pieters is der hielendal klear mei. Hy hat by de gemeente oankloppe en frege om hânhavening. Mar de gemeente seit neat dwaan te kinnen.

Sliepkeamer ôfplakt

Yntusken stean yn it hûs fan de famylje ferkate apparaten om de stof út de loft te filterjen. In sliepkeamer is hielendal ôfplakt sadat der gjin stof yn komme kin. Op jûntiid sit Vishitra faak oeren yn dat keammerke.
Ferslachjouwer Simone Scheffer prate mei Ronnie en Vishitra Pieters
© Simone Scheffer Omrop Fryslân

Kapke foar de mûle

Guon buorlju hawwe de tiden dat se hout stoke, oanpast. Dat is wol in ferbettering. Mar de jûnen bliuwe in probleem. En oaren wolle neat witte fan de problemen mei de reek. It echtpear is dermei oan. Vishitra rint faak mei in kapke foar de mûle. Se fielt har as in finzene yn har eigen hûs.
Om de problemen oan de kaak te stellen beleit Ronnie in jûn mei ynformaasje oer de gefolgen fan de houtstokerij op grutte skaal. Dêr komme saakkundigen lykas minsken fan it longfûns. De jûn is benammen bedoeld om minsken it gefoel te jaan dat se net allinnich stean yn harren probleem mei de houtstokerij yn de buert.
© Simone Scheffer Omrop Fryslân
De ynformaasjejûn is tongersei 29 novimber yn Stenden Hotel oan de Rengerslaan yn Ljouwert. Minsken dy't belangstelling hawwe, kinne harren oanmelde by Ronnie Pieters. Op it mailadres: r.pieters51@gmail.com