Gemeente Smellingerlân lit boargers meiprate oer de takomst

26 nov 2018 - 22:42

Goed hûndert ynwenners fan de gemeente Smellingerlân wiene moandeitejûn yn De Lawei yn Drachten om mei te praten oer de takomst fan de gemeente op ferskate flakken. De gemeente is dwaande mei de omjouwingsfyzje en wol witte hokker ideeën oft der by de befolking libje. De opkomst wie boppe ferwachting en minsken diene aktyf mei oan de diskusje.

Foto: Simone Scheffer, Omrop Fryslân

Reportaazje oer byienkomst mei boargers oer takomst Smellingerlân

De gemeente hie earder al in enkête hâlden ûnder njoggenhûndert ynwenners. De measten minsken binne posityf oer ferskate saken yn de gemeente lykas it grien en de natoer. De rêst en de berikberens is neffens de measte respondinten ek goed.

Nei de plenêre diskusje giene de groepen útinoar om oan ferskate tafels te praten oer bygelyks duorsumens fan de gemeente, oer it plattelân en oer de ferdieling natoer/agraryske bestimming.

Yn de seal waard fierder diskusjearre oer de tema's dy't yn de fragelist foarkamen. Ek yn de seal wiene minsken posityf, mar guon hawwe wol soargen dat de doarpen te min omtinken krije. In jongere fynt ek dat der wol mear romte foar jongeren komme kin foar ferdivedaasje. Ek in oare ynwenner soe graach in wat gruttere útstrieling fan de gemeente hawwe mei bygelyks in grutter festival.

Nei dizze byienkomst komme der noch trije oare meetings yn ferskate doarpen en wiken om fierder te praten oer de takomst fan Smellingerlân.

De resultaten fan de enkête binne hjir te finen.

Foto: Simone Scheffer, Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)