Riedslid Wietze de Haan oer sânwinfabryk Iselmar: "It sil noait wer stil wêze yn Gaasterlân"

26 nov 2018 - 22:03

De gemeenteried fan De Fryske Marren moat de komst fan in grut sânfabryk yn de Iselmar tsjinhâlde. Dy oprop die PvdA-fraksjefoarsitter Wietze de Haan yn It Polytburo. Hy neamde de plannen foar sânwinning foar de kust by Aldemardum tige skealik foar natuer en rekreaasje.

It kolleezje fan gemeente De Fryske Marren is al akkoart mei de sânwinning, dy't op dat plak de kommende tritich jier plakfine sil. De Haan joech ta dat polityk en ynwenners pas let yn aksje kommen binne. It bedriuw Royal Smals, dat de winning útfiere wol, is al tsien jier dwaande mei de plannen.

Wêrom no krekt yn in natuergebiet?

De Haan freget him ôf wêrom't krekt yn in natuergebiet oan sânwinning dien wurde moat. "Der is sân genôch. Wêrom moat it út in Natura 2000-gebiet weihelle wurde?" seit De Haan. "De Noardsee soe ek kinne. Dêr sit dan wol sâlt yn it sân dat de ferwurking djoerder makket. Dy ekstra kosten winne jo werom mei de beskerming fan de natuer, troch it net yn de Iselmar te dwaan op dit plak."

"It sil noait mear stil wêze"

De winning op in lokaasje 5 kilometer út de kust sil dei en nacht, 24 oeren deis plakfine. Dat jout ljocht en lûd dêr't op de wâl neat fan te hearren wêze soe, sa binne de berjochten. De Haan ûntstriidt dat: "Stil sil it noait mear wêze. Ik wie juster ek efkes by de protestgroep op it Murnzer Klif. Doe wiene alle minsken efkes stil om de stilte te hearren. Stil sil it der net mear wêze, as de plannen trochgean. Boppedat jout it Miljeu Effekt Rapportaazje (MER) gjin omtinken oan it lûd ûnder wetter. Dat skynt giganytysk te wêzen."

De provinsje hat de sânwinning toetst neffens de wet natuerbeskerming en is akkoart gien. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders is mei it bestimmingplan ek akkoart gien. "It soe it kolleezje siere as se, sjoen de reaksjes, it sânwinplan ynlûke soe. It kolleezje moat sjen nei wat sy de ynwenners oplizze. Dat moatte se net by ús as ried dellizze, want dan moatte wy miskien nee sizze", seit De Haan.

"Twa euro de ynwenner yn it jier foar oerlêst 24/7"

De winning soe 25 arbeidsplakken opsmite en de gemeente kriget in skeafergoeding fan 3,5 miljoen euro, jild dat se ynvestearje kinne yn duorsumens. "Dat is in ton yn it jier", reagearret De Haan. "Dat is noch gjin twa euro de ynwenner dy't wy krije foar dizze oerlêst. En wat is oer tritich jier twa euro? Twa kwartsjes. Foar in grut stik oerlêst dy't de omwenners de kommende tiid krije. Dy't de natuer geweld oan docht, de fûgels, de fisk. De minsken fan rekreaasje en toerisme en de eigen ynwenners sille dêr in protte lêst fan hawwe. Net in jier, net twa jier, mar tritich jier lang. Dei op dei, nacht op nacht. Skippen lâns de wâl fuortfarrend. Kontinu en dat tritich jier lang. It sil noait wer stil wêze yn Gaasterlân."

"34 fuotbalfjilden, dit moatte wy net wolle"

De plannen lizze der al sûnt in jier of tsien, mar no pas komme der beswieren. "Omdat de minsken net wisten hoe slim oft it wurde soe. De gemeenteried wist it ek net, en iksels ek net", seit De Haan. "As jo no hearre dat it eilân fan 34 fuotbalfjilden. Dat it in gebiet fan 250 hektare mei 60 meter djip as winningsput brûkt wurdt, dan is dat gigantysk."

"Jo moatte altyd nei de lêste mominten dy't der binne sjen om ta beslúfoarming te kommen. Binne der noch fragen, is der ûndúdlikheid, dan moat dat boppe wetter helle wurde. Myn mailboks puollet út fan organisaasjes (berops, rekreaasje en toerisme) dy't allegearre skriuwe: Wy sjogge no pas watfoar effekt dit op de mienskip hat. Dit moatte wy net wolle."

De gemeenteried sil woansdei te set oer it plan. Mocht it tsjinhâlden wurde, dan slút De Haan net út dat der fan de kant fan it bedriuw skeaclaims komme. Tagelyk ferwachtet er dat der fan omwenners ek claims komme, omdat bygelyks de wearde fan harren huzen minder wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)