Beloften Hearrenfean sakje troch ferlies nei freze sechsde plak

De beloften fan SC Hearrenfean ha moandei mei 4-1 ferlern op besite by Jong Heracles Almelo. Yn it Polman Stadion waard it 4-1 foar de thúsklup, dy't koprinner is yn pûl A fan de beloftekompetysje.
Argyffoto Jordy Bruijn © www.orange-pictures.nl
Healwei de earste helte kaam Heracles op foarsprong. Joey Konings skeat de bal út de rebound binnen, nei in frije traap fan Yoëll van Nieff. Nemanja Mihaljovic wie flak foar it skoft noch ticht by de gelykmakker, mar hy rekke de latte.
Yn de twadde helte foel de gelykmakker wol. Jordy Bruijn skeat in frije traap deryn. Yn de lêste tweintich minuten gie it dochs ferkeard foar de Friezen. Silvester van der Water rekke earst noch de peal, mar even letter foel in fan rjochting feroare skot fan Van der Water wol binnen. Yn de lêste pear minuten rûn Heracles fierder út troch goals fan Konings (syn twadde) en Zeki Erkilinc.

Noch ien plakje klimmen

Jong Hearrenfean hat no alve punten út sân wedstriden. De ploech stiet sechsde en de earste fiif geane nei de kampioenspûl. Hearrenfean hat noch twa wedstriden om op syn minst ien plakje te klimmen.