Jong SC Cambuur thús ûnderút yn doelpuntespektakel

26 nov 2018 - 20:50

Jong SC Cambuur hat moandei yn in doelpuntrike wedstriid ferlern fan Jong PEC Zwolle. De besikers wûnen mei 5-3 yn it Cambuurstadion.

Tyrone Conraad - Foto: www.orange-pictures.nl

By it skoft like it al in kânsleas ferhaal te wêzen foar de Ljouwerters. Steff Kaptein, Rogier Benschop en Destan Bajselmani soargen foar 0-3.

Yn de twadde helte skoarden de Ljouwerters ek trije kear. Tyrone Conraad (2) en Karim Rossi makken de goals. Mar Zwolle skoarde ek noch twa kear: earst Kaptein wer en letter Maxim van der Meer ek noch.

Cambuur bliuwt op it njoggende en foarlêste plak stean. De Ljouwerters ha sân punten út likefolle wedstriden.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal PEC Zwolle
(advertinsje)
(advertinsje)