KNRM-man Jentje van der Molen hat emosjonele moeting mei rêden silers

Twa jier nei dato ûnferwachts each yn each stean mei dejingen dy'tst yn in tige nuodlike situaasje út see rêden hast. Dat kaam Jentje van der Molen fan Ie ôfrûne wykein oer. As meiwurker fan it KNRM-rêdingsstasjon yn Lauwerseach kaam er yn aksje om in syljacht yn it Westgat by Skiermûntseach te rêden.
© Omrop Fryslân

Yntinse moeting

Van der Molen wie ôfrûne wykein op in benefytgala fan de KNRM yn Noordwyk. "Se woene graach myn ferhaal fertelle en it iennige wat ik hoegde te dwaan wie op it poadium te sitten. Dan hawwe de minsken yn de seal der in byld by wat in rêder is. Dat moat altyd wêze, sei ik."
De organisaaje hie der, neffens Van der Molen, alles oan dien dat hy de minsken dy't er rêden hie, net treffe soe. Mar it die bliken dat er harren, sûnder dat er de erch yn hie, al de hân jûn hie. En doe kaam alles wer boppe fan de nacht fan de rêding, want it wie in hiele yntinse moeting. "Dat docht jo hiel wat. Absolút. Fan beide kanten."
© Omrop Fryslân
Jentje van der Molen

Hege weagen yn it Westgat

"Dy nachts waarden trije rêdingsboaten oproppen, twa fan Skiermûntseach en fan Lauwerseach ien. Dan witte jo wol dat der is der wat slims te rêden is. Ik kaam by it boathûs oan en doe hearde ik oer de marifoan: De keukenkastjes komen al omhoog. Doe tocht ik: Dat skip bliuwt net folle mear fan oer. Dat wy fuort en ûnderweis krigen wy ynformaasje dat der in aardich seeke yn it Westgat stie, mei golven fan in pear meter heech."

Kyl ôfbrutsen

"Wy wiene as earste te plak. Ik haw in jonge oerset fan ús skip op it syljacht. Dy kaam mei sa'n klap del dat er earst bykomme moast. Wy soene óf de boat derwei slepe óf de minsken fan it skip helje. Dat lêste wie gjin opsje en dêrom hawwe wy in sleepferbining makke. Dus wy sette krêft op it spul en it skip falt om. Us bemanningslid sjogge wy yn it wetter fallen en de minsken fan it skip ek. Unfoarstelber dat in sylskip omgiet, want soks gebeurt gewoan noait. Mar de kyl wie ôfbrutsen, sa die bliken. Wy hawwe him it lêste rukje jûn."
© KNRM

"Doe bin ik oerboard sprongen"

"Ik sjoch dy minsken yn it wetter lizzen en tocht: Dit komt net goed. Ik moat derhinne. Doe bin ik oerboard sprongen. De frou wie ferdwûn en it skip wie al heal oan it sinken. Ynienen komt de frou mei de holle boppe wetter. Se siet mei de lifeline fêst oan it jacht. Dy haw ik witten los te krijen. En doe binne wy by it skip wei swommen. Myn eigen swimfest en dat fan de frou wiene opblaasd, mar de man synt woe net. Ik sei tsjin de man: Jo moatte mar op de frou leune en op my. Ik tocht: As er allinnich op my leunt en hy rekket yn panyk, dan kin ik it wolris net hâlde. Mar it gie bêst. Sy bleaunen relaxed en wy binne der rêstich wei swommen. De rêdingsboat hat ús oppikt."

Oare rêder sit fêst oan de mêst

"Myn kollega siet ek heal yn it wetter. Hy rôp: Ik sit hjir op de mêst fêst. Ik kin niks, ik moat hjirwei. Dat wiene foar him ek hachlike mominten. Doe is de rêdingsboat oer de seilen hinne fearn en hat dy jonge oppikt."
Van der Molen sjocht mei tefredenheid werom op de aksje. "Dit is wêr't wy as KNRM foar traine, mar dan by wynstil waar. Alles gie perfekt. Neffens it boekje."