Piter Murk de Groot is berneboargemaster Waadhoeke: "Der moatte wol genôch boarterstunen wêze"

Piter Murk de Groot fan Tsjom is de earste berneboargemaster fan de gemeente Waadhoeke. Tweintich bern mochten moandei sollisitearje nei dy funksje. Se moasten harsels presintearje op it gemeentehûs. Piter Murk kaam dêr as bêste út.
© Omrop Fryslân, Afke Meekma
Piter Murk fertelt hoe't de dei gie: "Earst kamen we mei ús allen de seal binnen. Even kletse. Ik moast as fjirde in presintaasje hâlde. Dêrnei giene trije oare bern en ik troch nei de finale."
Yn de finale moast Piter Murk dwaan oft kaam er de keninginne tsjin en har in rûnlieding jaan troch de skoalle. Nei't de finalisten har lêste opdracht dien hiene, makke de boargemaster Marga Waanders de winner bekend. "Sy sei: 'hy rûn mei de keninginne troch de skoalle en it is...' Doe rôp myn heit: 'Piter Murk!'"
De twa boargemasters: Marga Waanders en Piter Murk de Groot © Omrop Fryslân, Afke Meekma
En wat moat er no dwaan as berneboargemaster? "We sille mei de boargemaster op stap en dan dingen dwaan. Prate oer boarterstunen, âldere minsken en net roke by de sportfjilden." Dy boarterstunen binne wol belangryk, neffens Piter Murk: "Meist net de hiele tiid game. Dus as je nei bûten geane, dan moatte der wol genôch boartersplakken wêze!"
En sa'n swiere amtsketting, krijt er dy ek? "Neffens my al!"
Berneboargemaster Piter Murk de Groot