Gerard Wolters tydlike direkteur De Koornbeurs

Gerard Wolters út Grins is fan 1 desimber ôf tydlik direkteur fan teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer. Hy folget dêrmei Lineke Kortekaas op, dy't nei fiif jier ophâldt. Sy krige in baan oanbean yn Noard-Hollân.
Gerard Wolters, tydlike direkteur by De Koornbeurs © De Koornbeurs
Wolters wurke trettjin jier lang by it Posthuis Theater op It Hearrenfean. Healwei dit jier gie Wolters mei pensjoen, mar dat hat dus net lang duorre.
"Het is mooi wanneer er zo'n job op je pad komt", seit Wolters. Hy neamt De Koornbeurs in yntym en profesjoneel teäter, dêr't artysten en besikers graach komme om it hûskeamergefoel en de gastfrijens. "Ik vind het ontzettend leuk om in dit mooie theater met het team aan de slag te gaan." Hy sil him ek dwaande hâlde mei de programmearring foar it seizoen 2019-2020.

Wiis mei syn ûnderfining

De Koornbeurs is wiis mei Wolters. Se kinne syn ûnderfining goed brûke yn dit rinnende seizoen.
Begjin takom jier sil it bestjoer oan de slach mei it profyl en it sykjen fan in nije, fêste, direkteur.