Presyzjelânbou 4.0: tûk buorkje mei dronebylden en satellytfoto's

26 nov 2018 - 19:00

Bouboeren kinne de opbringsten fan har lân wol mei 30 persint ferbetterje troch folle mear gebrûk te meitsjen fan dronebylden, satellytfoto's en de gegevens dy't dy foto's opsmite. Dy nije foarm fan lânbou hjit yn jargon 'presyzjelânbou 4.0'. Yn Fryslân binne noch net folle boeren hjir mei oan de gong, mar as it oan kennissintrum 'Potato Valley' leit, wurdt dat meikoarten oars.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Bouboeren koene har moandeitemiddei oanmelde foar sa'n earste data-koöperaasje presyzjelânbou op in stúdzjemiddei fan de 'Potato Valley' by Muntsjesyl. It doel fan de koöperaasje is it dielen fan kosten, mar ek it fergelykjen fan de gegevens fan in groep bouboeren.

Kosten geane hurder omheech

Presyzjelânbou is wichtich foar de bouboeren, omdat foar in soad bedriuwen jildt dat de kosten hurder omheech geane as de opbringsten. In nije wize fan tûk buorkjen mei hegere opbringsten soe in soad boeren dêrom wol goed passe. Presyzjelânbou 4.0 moat de boeren helpe om 'opbringstbeheinende saken' yn byld te bringen, sadat de boer dêr wat oan dwaan kin.

Middelbere skoalleklasse

Foarsitter Tineke de Vries fan de Potato Valley wol mei har eigen bedriuw graach meidwaan oan sa'n data-koöperaasje. Sy ferwachtet dat se op har bedriuw in soad foardiel ha sil fan alle bylden en gegevens. De gearkomste oer presyzjelânbou luts moandei in soad bouboeren út hiel Noard-Nederlân nei de proefbuorkerij by Muntsjesyl. Dêrby siet ek in klasse fan it Nordwin Kolleezje út Ljouwert. Op dy middelbere lânbouskoalle stiet 'presyzjelânbou' dit jier foar it earst op it lesroaster.

It útgongspunt fan presyzjelânbou is om hiel krekt en hoeden om te gean mei boaiem, gewaaksen en bisten om sa ta in optimale opbringst te kommen mei in minimaal gebrûk fan bestridingsmiddels.

Tineke de Vries fan de Potato Valley

(Advertinsje)
(Advertinsje)