Danny Noppert begjint WK tsjin darter út Hong Kong

26 nov 2018 - 18:38

Danny Noppert spilet yn de earste ronde fan it WK darts tsjin Royden Lam út Hong Kong. De winner fan dy wedstriid spilet yn de twadde ronde tsjin Max Hopp út Dútslân, de nûmer 32 fan de wrâld.

Foto: www.orange-pictures.nl

Mocht Noppert de tredde ronde berikke, dan is de kâns grut dat er dêryn Michael van Gerwen treft. Dat is de nûmer 1 fan de wrâld.

Best-of-five

De wedstriden yn de earste ronde binne op 13 oant en mei 19 desimber. It giet der yn dy ronde om wa't it earste trije sets wûn hat ('best-of-five').

Ofrûne wykein helle Noppert de heale finale fan de Players Championships Finals yn Minehead. Dat wie syn bêste prestaasje oant no ta op in telefyzjetoernoai fan de PDC.

Der binne twa grutte dartorganisaasjes: de PDC en de BDO. Oan it begjin fan dit jier makke Noppert definityf de oerstap nei it kommersjele dartbûn PDC.

Trefwurden: 
Danny Noppert darten WK darts
(advertinsje)
(advertinsje)