Sportoersjoch: Epke en Danny Noppert suksesfol en in moaie goal fan Berwout Beimers

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes yn it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.
Sportoersjoch fan 26 novimber 2018
SC Hearrenfean ferlear mei 3-0 op besite by koprinner PSV. Is dat teloarstellend, of moat Hearrenfean fral bliid wêze dat de nederlaach net dikker wie? Trainer Jan Olde Riekerink wie noch aardich posityf, mar de druk wurdt stadichoan wol heger. Takom wykein spilet Hearrenfean thús tsjin Fortuna Sittard. Dêryn moat de ploech fan Olde Riekerink wer ris punten pakke.

Epke bliuwt winnen

Epke Zonderland bliuwt it wol goed dwaan. Noch mar in pear wiken lyn pakte hy syn tredde wrâldtitel op de rekstôk, no wie er ek de sterkste op de wrâldbeker yn Cottbus. Oan dy wedstriid die Epke dêr nea oan mei. Wêrom no wol? Dat leit Roelof de Vries út.
It Formule 2-seizoen sit derop. Dit wykein wiene yn Abû Dabi de lêste twa races .Autokoereur Nyck de Vries út Twellingea is as fjirde einige yn it einklassemint, wylst er oan it begjin fan it seizoen sei dat er foar de titel gean woe. En dy superlisinsje dy't er ha wol, sit dat deryn?
Darter Danny Noppert hat in prima wykein efter de rêch. Op de Players Championship Finals yn Minehead helle de Jouster de heale finale. It is foar it earst dat Noppert sa fier kaam op in telefyzjetoernoai fan de PDC. En moandeitejûn is de lotting fan it WK, dêr't Noppert as earste Fries ea oan meidocht.

Ride yn fjouwer stêden

En it wurdt kâlder, dus oeral op de wrâld waard wer reedriden. De maratonreedriders rieden fjouwer dagen efter inoar yn fjouwer ferskillende stêden om de Trachitol Trophy. De Friezen dienen mei om de prizen, mar de einoerwinning siet der net yn. De langebaanriders wiene yn it Japanske Tomakomai en dêr rieden se op in bûtenbaan. Dy omstannichheden ha altyd in grutte ynfloed.
Harkemase Boys wûn yn de tredde difyzje op besite by De Dijk yn Amsterdam. It waard 1-4 foar de Harkiten. Hurdegarypster Berwout Beimers soarge foar ien fan de hichtepunten fan de wedstriid.
En nije Wedstriid fan de Wike wurdt de fuotbalwedstriid fan Bûtenpost, dy't op besite sil by SC Genemuiden. Dy wedstriid yn de sneonshaadklasse is benammen spesjaal foar Bûtenpost-trainer René van der Weij, want hy is takom seizoen de trainer fan Genemuiden.