Wedstriid fan de wike: bysûnder duel foar Bûtenpost-trainer

26 nov 2018 - 17:20

René van der Weij is no trainer fan VV Bûtenpost. Mei dy klup spilet hy sneon tsjin SC Genemuiden, wêr't hy nei dit seizoen hinne giet. It is de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân.

Beide klups spylje yn de haadklasse. Bûtenpost debutearret dit jier en docht it goed: de 'Blaukes' pakten fiiftjin punten yn de earste tolve wedstriden. Dêrmei steane se op it tsiende plak. SC Genemuiden stiet mei tweintich punten op it sechde plak yn de haadklasse.

Foto: Omrop Fryslân

"Foar Van der Weij wurdt it fansels wol in hiel bysûndere wedstriid. De spilers dêr't hy takom jier mei wurket, binne no syn tsjinstanner", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "En boppedat stiet by Genemuiden ek in Fryske coach oan it roer, nammentlik Jan van Raalte fan De Harkema. Alle yngrediïnten binne oanwêzich foar in moaie wedstriid!"

Trainer René van der Weij fan Bûtenpost by in eardere wedstriid - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)