Regiobestjoer D66 wol plysje-ûndersyk oer fertochte riedslid Duursma ôfwachtsje
It regiobestjoer fan D66 ûndernimt foarearst gjin aksje tsjin Erwin Duursma, it gemeenteriedslid yn Tytsjerksteradiel dy't yn ferbân brocht wurdt mei drugshannel. Se wolle it plysje-ûndersyk ôfwachtsje. Duursma joech moandeitemoarn in parsekonferinsje wêryn't er ûntkende belutsen te wêzen by drugshannel.
De plysje fûn by de ynfal fleskes wytoalje, mar dy wiene neffens Duursma foar syn skoanmem, dy't sliepproblemen hat. Hy neamt it nayf dat er de wytoalje yn hûs hie.
It regiobestjoer fan D66 hat in petear hân mei Duursma en se sizze de útkomst fan it plysje-ûndersyk mei fertrouwen temjitte te sjen. "Daarna zullen wij ons als bestuur beraden op verdere stappen", stiet yn in berjocht dat it regiobestjoer nei de leden stjoerd hat.
"Tegelijkertijd zijn wij er ons van bewust dat de gang van zaken en met name de publicaties, ook al is iemand onschuldig, ernstige schade aan iemand als persoon, maar ook aan de partij kunnen toebrengen", stiet yn it berjocht, dat ûndertekene is troch regiofoarsitter Harry Berndsen.