Boaiemûndersyk yn Boalsert: hoop op midsiuwske fynsten

26 nov 2018 - 16:32

Archeologysk advysburo RAAP is achter it stedhûs fan Boalsert mei in boaiemûndersyk begûn. It ûndersyk giet foarôf oan de ûntwikkeling fan it Historisch Centrum Westergo yn de stêd. Dêr wurdt it eardere stedhûs foar ferboud.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Neffens gemeentlik archeolooch Yvonne Boonstra fan Súdwest-Fryslân is oer it âlde sintrum fan Boalsert noch net in soad bekend: "We weten dat de stad is gebouwd op drie terpen, die onze voorouders maakten om het water op afstand te houden. Bolsward lag vroeger aan een oude zeearm, de Marneslenk."

De namme Boalsert komt nei alle gedachten fan Bodelswerth, dat 'wier (of terp) fan Bodil' betsjut. Dy namme waard foar it earst fermeld op alfde-iuwske munten.

Wenlagen

De ferwachting is dat der by it boaiemûndersyk wenlagen fûn wurde út de midsiuwen en dêrnei, bygelyks houten en stiennen spoaren fan hûzen, en wetter- en bearputten. "Het oudste wat er in een andere terp van Bolsward is gevonden is een keukenservies van zo'n tweeduizend jaar oud. Op zo'n vondst hopen we nu ook", seit Boonstra.

As it wurk bûten dien is, sjogge de archeologen ek binnendoar, yn it stedhûs. Dêr wurdt ek yn de grûn groeven.

Belangstellenden kinne fan in steger ôf de opgravings besjen. Dy duorje nei alle gedachten in wike of seis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)