Alle Fryske sikehûzen komme mei ien kampanje tsjin fjoerwurk

26 nov 2018 - 16:10

De fjouwer Fryske sikehûzen wolle dat mear minsken in fjoerwurkbril brûke en bern har mear bewust binne fan de gefaren fan fjoerwurk. Dêrom organisearje se dit jier mei-inoar in kampanje. Sa diele de sikehûzen fjoerwurkbrillen út oan alle groep 8-learlingen fan skoallen yn de gemeenten fan de sikehûzen. Ek freegje se de leararen om de bern les te jaan oer fjoerwurk mei in spesjaal lespakket.

Fjoerwurkslachtoffer yn it sikehûs - Foto: ANP

Der binne neffens de sikehûzen de lêste jierren hieltyd minder fjoerwurkslachtoffers, mar der reitsje wol mear bern ferwûne troch fjoerwurk. Yn totaal is goed de helte fan alle fjoerwurkslachtoffers jonger as 20 jier.

Eachletsel komt it faakst foar

Ien fan de meast foarkommende ferwûningen is oan it each. By de lêste jierwiksel wie dat mear as yn in kwart fan de gefallen. Allinnich brânwûnen kamen faker foar.

Njonken de fjoerwurkbrillen en de lespakketten komt yn alle gemeenten in eachdokter of plastysk sjirurch gastles jaan op ien skoalle.

De fjouwer Fryske sikehûzen binne it MCL (yn Ljouwert en Harns), Nij Smellinghe (Drachten), Tsjongerskâns (It Hearrenfean) en Antonius (Snits).

(advertinsje)
(advertinsje)