Arriva spriedt drokte: alle sân minuten rydt in bus nei NHL Stenden Hogeschool

26 nov 2018 - 16:08

Arriva is begûn mei in proef mei busline 612. Dat is de bus dy't nei NHL Stenden Hogeschool rydt. De bussen ride net mear neffens de tsjinstregeling, mar der giet elke 7 minuten in bus. Hjirtroch besiket Arriva de drokte mear te sprieden en kinne de reizgers ek faker sitte.

Foaral yn de spitsoeren is it wichtich om de bussen mear ferspraat ride te litten. "Sa ride se effisjinter, dan hoege de minsken ek minder lang te wachtsjen", seit Arriva-wurdfierder Tineke Witteveen. De ekstra bussen ride fan 8.00 oere ôf oant 18.00 oere.

Neffens Witteveen is it foar de reizgers noflik dat bussen mear mei regelmaat ride. "Faak binne de bussen yn de spits sa fol dat de studinten net iens mear yn de bus passe. Troch de drokte mear te sprieden, kinne minsken faker sitte of oars wat nofliker stean."

Studinten sille neffens Witteveen net fuort ferskil fernimme mar dat sil stadichoan komme. "De earste pear dagen is echt in bytsje opstarte. Fandêr dat de proef ek twa wiken duorret. We hoopje dat se oan de ein fan dizze wiken wol deeglik ferskil merke."

Op 7 desimber rint de proef ôf. Dan sil Arriva sjen oft it resultaat hân hat en oft se dit trochsette sille.

Tineke Witteveen fan Arriva

(advertinsje)
(advertinsje)