Waadfûns jout miljoenen subsydzje foar âlde farrûtes by Dokkum

26 nov 2018 - 15:36

It Waadfûns jout fiif miljoen euro subsydzje om âlde farrûtes yn it gebiet om Dokkum hinne te werstellen. De ôfrûne jierren is al foar miljoenen ynvestearre yn it befarber meitsjen fan de Súd Ie en it opheegjen fan de brêgen oer de Súd Ie hinne. Der kamen ek fiskplakken en in trailerhelling.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Mei de fiif miljoen fan it Waadfûns kin ûnder oare in ferbiningsrûte oanlein wurde nei de Lauwersmar. Dêrfoar wurdt de âlde opfeart tusken de Nije Feart, de Súd Ie en Eastmahorn/Lauwersmar wersteld. Ek soe it âlde jaachpaad lâns de Súd Ie wersteld wurde moatte.

Der wurdt ek jild stutsen yn de ekology yn it gebiet. It Fryske Gea ynvestearret yn de fiskfreonlikheid yn natuergebiet de Anjumer Kolken. En Wetterskip Fryslân en hegeskoalle Van Hall Larenstein sille oan de slach mei in fiskmigraasje-ûndersyk.

Alle ynvestearringen binne bedoeld om de leefberheid yn de streek om Dokkum hinne te ferbetterjen.

Trefwurden: 
subsydzje Waadfûns Súd Ie
(advertinsje)
(advertinsje)