Wetterskip test sterkte fan Waadseedyk mei simulator
Wetterskip Fryslân docht tiisdei tusken Easterbierrum en Seisbierrum in proef om te sjen hoe sterk oft de seedyk dêr is. Mei help fan in simulator wurde sabeare twa meter hege weagen makke, om te sjen oft de dyk dat hawwe kin.
De proef wurdt dien op it plak dêr't de Slachtedyk by de Waadsee útkomt. Reden foar de proef is klimaatferoarings. De seespegel giet hieltiten mear omheech en dêrtroch komt it mear op de Waadseediken oan.
Begjin novimber is ek al in stik fan in seedyk yn Grinslân test.