Hoe moat Fryslân yn de takomst omgean mei hjitte en drûchte?

Hoe moat Fryslân yn de takomst omgean mei hjitte en drûchte? En hoe mei flinke reinbuien en wetteroerlêst? Hoe komt it mei de lânbou en mei ús grûn? Oer dat soarte fragen en saken is moandei praat en neitocht op in grut klimaatevenemint yn De Harmonie yn Ljouwert mei de titel 'Oer de Grinzen'.
dyk, kade, drûchte, skuorren © Omrop Fryslân
Gerrit de Boer praat mei jeugddykgraaf Melissa Brandsma
Der wurdt in hiel soad oer praat yn ferskate geledingen. Mar faak wurkje dy geledingen noch net goed gear wie ien fan konklúzjes. Dat moat eins better. Oerheidsynstânsjes en ek it bedriuwslibben en de boarger witte elkoar noch net altyd goed te finen. Soms omdat it kontakt noch net goed ferrint. Mar soms ek omdat de regels fan de oerheid of de finansiering in praktyske en flugge oanpak yn de wei sitte.

Problematyk is urgint

De dielnimmers binne it der oer iens dat dêr goed nei sjoen wurde moat wolle we echt stappen meitsje. Ek bestiet oerienstimming oer de urginsje fan de problematyk. Der moat no echt wat barre want it miljeufraachstik ferdraacht gjin útstel mear.
Op it evenemint wie ek de offisjele lansearring fan de klimaatatlas. Dêr kinne burgers en bedriuwen besjen oft harren omjouwing by swier waar eventueel ûnder rint of net.
© Omrop Fryslân, Geert van Tuinen