Natuerkampearterrein De Landerij krijt 13 'woodlodges'

It natuerkampearterrein De Landerij oan de Grindwei yn Skerpenseel sil feroarje. De helte fan de 30 stânplakken foar tinten en caravans ferdwynt om plak te meitsjen foar 13 saneamde woodlodges. Dit binne lúkse trekkerhutten. Dat stiet yn it ûntwerp-bestimmingsplan foar it kampearterrein.
© ANP Foto
Der is yn it bestimmingsplan ek romte foar in bedriuwswenning mei in groepsromte en in resepsje. Sawol de gemeente as de provinsje binne akkoart mei it plan, dat noch 6 wiken besjoen wurde kin.

De Rottige Meenthe

Foar natuergebiet De Rottige Meenthe, dat neist it natuerkampearterrein leit, ha de plannen gjin gefolgen, om't de oanpassingen binnen it besteande kampearterrein bliuwe.