Fraksje SDW stelt fragen oer misrinnen jild kantine De Steense

De riedsfraksje fan Sociaal Duurzaam Weststellingwerf (SDW) yn Weststellingwerf wol witte hoefolle ynkomsten de gemeente misrûn is troch de problemen mei de eksploitaasje fan de kantine fan sporthal De Steense yn Wolvegea.
© Google Streetview
Nei't it kontrakt mei de eardere behearder fan de kantine yn De Steense yn de simmer opsein waard, wie der gjin opfolger regele. Pas in moanne lyn is der in oanbestegingsproseduere begûn foar in nije pachter.
Sifers ynsjen
Yn de tuskentiid is der in tydlike kofje- en drankautomaat pleatst en mei eveneminten wurdt der in cateringsbedriuw ynhierd. Foar SDW is net dúdlik wat de betingsten foar de nije hierder binne. De fraksje wol dêrom it bestek en de kosten ynsjen, dy't makke binne foar de tydlike foarsjennings en it misrinnen fan ynkomsten.