Wat stiet dêr? Alle Ljouwerter keunstwurken steane yn in nije app

26 nov 2018 - 13:22

Alle keunstwurken yn de iepenbiere romte yn de gemeente Ljouwert binne op in nije app te finen. It giet om mear as 180 keunstwurken.

Foto: Omrop Fryslân

Brûkers fan de app kinne sykje op keunstner, wyk of doarp en jiertal. It âldste keunstwurk komt fan 1871. It is in boarstbyld fan prins Hendrik van Oranje Nassau, op de hoeke fan de Prins Hendrikstraat en de Willemskade. In resint keunstwurk is de Escherbank.

De keunstwurken binne te sjen yn in list of op in plattegrûn. Belangstellenden kinne mei help fan in rûtebeskriuwing nei in keunstwurk ta en mear oer de achtergrûnen dêrfan en de keunstner lêze.

Foto: www.leeuwardeninbeelden.nl

De app is keppele oan de webside www.leeuwardeninbeelden.nl en is fergees te downloaden.

Yn gearwurking mei Kunstwacht is de app ûntwikkele. Kunstwacht fersoarget behear en ûnderhâld fan keunst yn de iepenbiere romte.

Trefwurden: 
Ljouwert keunstwurken app
(Advertinsje)
(Advertinsje)