Nijkommer yn de Fryske top 100: ‘Moai leaf minske’ fan Krijn Jacob Dijkstra

26 nov 2018 - 12:02

Der kin wer stimd wurde op de Fryske top 100. The Cliffs of Moher fan Gurbe Douwstra, Piter Wilkens syn Knoopkes en it Bûthúsbankje fan De Wiko's. Alle bekende nûmers steane grif wer yn de list. Mar faaks sitte der dit jier ek in pear nijsgjirrige nijkommers tusken. Dizze wike stelle wy fjouwer nije kânshawwers oan dy foar. Hjoed: 'Moai leaf minske' fan Krijn Jacob Dijkstra.

Foto: Omrop Fryslân

Hoe is 't mei dy, Krijn Jacob?

"Poerbêst! Neidat wy in punt achter Die Twa set hawwe, bin ik wer hielendal op 'e nij begûn. Kinst dysels foar de twadde kear útfine, mei de 'sound' dy't by dy past. Dat fyn ik fantastysk. Ik bin hielendal net mear bûn oan regeltsjes of minsken, mar fiel my hielendal frij om te dwaan en te spyljen wat ik sels wol. Wat oars as oars, dat wie myn doel."

En sa is 'Moai leaf minske' ûntstien?

"Dit is myn earste single en yntusken is nûmer twa 'Noch altyd' ek al út. Beide nûmers binne hiel ferskillend, mar alle beide ha se in nij lûd. Ik hâld sels fan de nijere muzyk fan bygelyks Charlie Puth. En wat is der dan leuker om sels ek sa'n soart plaat te meitsjen? Ik kin no hielendal myn eigen gong gean."

Sjongsto yn it nûmer oer in nije leafde?

"Hahaha, in nije leafde?! Ik bin al sûnt myn 19e by deselde frou. It nûmer giet oer har. Ek in protte nûmers fan Die Twa gongen oer ús froulju, mar ik ha no in nije ynstek keazen. As myn frou ris wat docht, wêrfan't ik tink 'hmmm', dan sis ik al gau 'Minske, minske, minske'. Yn dit nûmer ha ik de lading omdraaid yn 'aldermachtichst moai minske'. Want it is prachtich om alle kearen wer oer myn grutte leafde te sjongen."

Hearre wy no fûgels op de achtergrûn?

"Dat hast goed heard! Ik ha socht nei lûden dy't by it nûmer passe. Sa kaam ik op it idee om op de achtergrûn see- en fûgellûden te brûken. Sa wurdst as it wiere meinaam yn de flow fan it nûmer. Dy lûden komme gewoan út in kompjûter trouwens hear, net dat wy it nûmer opnaam ha op it strân ofsa."

Twa nije singles en beide yn it Frysk. Wolst net ris wat oars?

"Ik bliuw foarearst yn it Frysk sjongen. Mar it wurd 'foarearst' jout al wol oan dat ik gjin nee sis. Sis noait noait. Ik spylje ek yn de coverband Virus, dêr't wy top 100 muzyk mei spylje. Dat is benammen Ingelsk, dus ek dat is in opsje foar de takomst."

Nijkommer yn de Fryske Top 100: ‘Moai leaf minske’ fan Krijn Jacob Dijkstra

Wa't ik sels op nûmer 1 set, lit ik moai yn ‘e midden!

Krijn Jacob Dijkstra

Oh, dus wy kinne dy noch faker hearre?

"Jaseker. Ik spylje dus yn Virus en mei myn skoansuske foarmje ik it duo Krijn en Marleen. Boppedat spylje ik yn fersoargingstehûzen noch in hiel soad yn myn upke. Ik wurkje al 24 jier yn de soarch en ha eins altyd muzyk makke. Benammen foar demintearjende âlderen wurket dat fantastysk. Dy herkenne in hiel soad âldere nûmers. Ik ken hast it hiele repertoire fan Wim Sonneveld en Toon Hermans út 'e holle."

Hé, marruh... Op wa stimsto no aanst; dyn eigen nûmer of dy fan Die Twa?

"It moaie is dat minsken no sawol op Die Twa as op myn eigen nûmer stimme kinne. Wa't ik sels op nûmer 1 set lit ik moai yn 'e midden!"

Oh ja, hasto noch goeie foarnimmens foar it nije jier?

"Ik bin al ophâlden mei smoken, dus dat kin fan it listje mei goeie foarnimmens ôf. En fierder bin ik eins wol hiel wiis mei hoe't alles rint yn myn libben. Dus gjin gekke foarnimmens foar my yn 2019."

Moai leaf minske - Krijn Jacob Dijkstra

Jou dyn stim!

Fan no ôf kinsto stimme op de Fryske top 100 fan 2018. Folje hjir fuortendaliks dyn persoanlike top 5 yn!

Mear hearre fan Krijn Jacob Dijkstra? Hy is moandeitemiddei te gast yn it Omrop Fryslân-radioprogramma De middei fan Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)